Elts dy’t It wrede paradys lêzen hat wit dat Hylke Speerstra prachtich skriuwe kin oer de libbens fan emigranten. De Treastfûgel giet in stap fierder. Yn dit geskink fan De moanne fan it Fryske boek stean net allinnich persoanlike ferhalen, mar ferhalen oer twa famyljes troch trije generaasjes hinne. Yn 110 bledsiden wurde beide famyljeferhalen út de doeken dien. De skiednissen komme op it ein wer by inoar.
Yn De treastfûgel wurde de spoaren folge fan twa earme famyljes út Hichtum. De iene famylje emigrearet yn 1911 nei Amearika, nei Súd-Dakota. Sy besykje dêr in bestean op te bouwen. De oare famylje sympatisearret mei nazi-Dútslân, sawol yn Fryslân as yn Dútslân. Oan it oarlochsfront yn ‘e twadde Wrâldoarloch komme twa neikommelingen út de tredde generaasje tsjin inoar oer te stean.
It boekje sprekt my sa oan omdat it wier barde famyljeskiednissen binne, basearre op bronnen as deiboeken, fraachpetearen en sa mear. Foar myn hobby stambeamûndersyk besykje ik ek gegevens út ferskiedene boarnen mei inoar te kombinearjen ta libbensferhalen. Neist de hurde gegevens as berte, houlik en ferstjerren fyn ik it moai om ferhalen oer de minsken te finen en út te wurkjen. Fansels kin ik der allinne mar fan dreame om sa te skreauwen as Hylke Speerstra. It makket lykwols wol dat ik wier barde famyljeferhalen as dizze tige wurdearje kin.
- Hat jo bibleteek De Treastfugel?
- De webside fan Hylke Speerstra
- De Moanne fan it Fryske boek
- In resinsje oer De Treastfûgel

Komt er ook een boek in het nederlands van de treastfugel?
vriendelijke groeten j Boorsma
Op de website van Hylke Speerstra staat dat ‘De Troostvogel’, over ongeveer een jaar zal verschijnen bij Contact-Amstel Uitgeverij. (http://www.hylkespeerstra.nl/nl/)
Ik ga er dus wel vanuit.